De Vries de bêste yn Tilburg

© awfoto.nl
Elma de Vries hat justerjûn mei oermacht de 14e wedstriid yn de KNP Maraton Cup op har namme skreaun. Yn Tilburg pakte de âld-Haulster as ienige in ronde foarsprong en kaam solo oer de einstreek. It sulver gong yn in spannende einsprint nei Manon Kamminga fan It Hearrenfean. Janneke Ensing waard tredde.
By de manlju wie der gjin Frysk sukses. Dêr gong de winst nei de Drint Frank Vreugdenhil.