Frou ferwûne, man rydt troch

19 jan 2014 - 15:07

In frou fan It Hearrenfean (42) rekke sneontejûn by Rouveen ferwûne doe't har man (37) op de A28 op in frachtauto ried. De man ried yn earste ynstânsje tsien kilometer troch en stoppe pas letter om help te sykjen foar syn frou. De frou wie ferwûne oan har holle. Se waard mei help fan de brânwacht út de auto helle en oerbrocht nei it sikehûs yn Swolle.

De bestjoerder fan de frachtauto, in Let (47), socht koart nei de oanriding kontakt mei de plysje. Hy ferlear troch it ûngelok in tal plastik pûden, dy't ferspraat op de A28 leine.

De bestjoerder fan de auto út It Hearrenfean wie ûnder de ynfloed fan alkohol. Hy krijt proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)