Moersleutel troch foarrút auto

19 jan 2014 - 11:38

In 23 jierrige man fan Hallum hat sneon gelok hawn. Hy krige yn Burgum in moersleutel troch it foarrút fan syn auto. Hy ried rjochting Quatrebras op de Huyssen Kattendijkewei doe't ynienen syn foarrút fersplintere. Dêrnei lei it stik ark op de byridersstoel. Twa froulju fertelden de man dat der in foarwerp út in bestelbuske smiten waard. It is net dúdlik hokker kant dy auto opgie.

De plysje siket no tsjûgen dy't faaks mear sjoen hawwe. Neffens de plysje giet it om in besykjen ta swiere mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)