De Gordyk hat nij fjild nedich

VV De Gordyk wol sa gau mooglik in nij trainingsfjild, it leafst in keunstgersfjild. Dat easkje trainers en spilers fan de klup. De drainaazje is stikken en it wetter kin net fuortkomme. It fjild is ferwurden ta in drekboel. It is sels sa slim dat de jeugd faak net traine kin en útwike moat nei de seal.
De gemeente Opsterlân wit fan de problemen en wurket oan in oplossing. Sa gau as mooglik giet it fjild oer de kop en komt der nije drainaazje. Ek sil der jild sparre wurde foar de oanlis fan in keunstgersfjild. Dat kostet 4 ton.