Gjin poadium foar Margot Boer

Margot Boer © ANP
Margot Boer hat it poadium krekt net helle op it WK sprint yn Nagano. De sprintster út Goaiïngaryp ferspile yn de slotrit op de 1000 meter har twadde plak yn it algemien klassemint en einige úteinlik as 4e. Yn in rjochtstreeks duel mei de wrâldkampioene Jing Yu wie se wol de rapste, mar har konkurrinten Heather Richardson en Hong Zhang wiene folle rapper en passearden dêrmei de Fryske reedrydster.
De Sinese Jing Yu waard wrâldkampioene. Zhang behelle it sulver en Richardson brûns.
Michel Mulder waard foar de twadde kear op rige wrâldkampioen sprint by de manlju. Shani Davis pakte it sulver, Daniel Greig it brûns.