Hearrenfean fergriemt punten

Sportklup Hearrenfean is der net yn slagge de trije punten yn eigen hûs te hâlden. Hearrenfean kaam tsjin Roda JC twa kear op foarsprong, mar joech dy foarsprong twa kear út hannen. Hakim Ziyech skoarde nei tolve minuten nei in goeie faze de 1-0. Roda JC kaam better yn de wedstriid en Krisztián Németh makke fertsjinne de lykmakker.
Alfred Finnbogason benutte yn de 66ste minút in dubieuze penalty. Fiif minuten letter ferdedige Chris Kum net goed, wêrnei't Guus Hupperts de lykmakker makke.
Hearrenfean bliuwt fyfde mei 30 punten út 19 wedstriden.