Buske rydt troch nei ûngelok

18 jan 2014 - 22:25

In besoarger fan in shoarmasaak (19) út Ljouwert is sneontejûn slim ferwûne rekke by in ûngelok op it Suderplein yn Ljouwert. It slachtoffer ried op in scooter en waard oanriden troch in wyt buske. Nei de oanriding is de bestjoerder fan it buske trochriden. In tsjûge ferliende earste help oan it slachtoffer, dy't ferwûne rekke oan de holle. Wylst de tsjûge de man holp, waard syn fyts stellen troch in foarbygonger.

It slachtoffer is opnommen yn sikehûs UMCG yn Grins. De scooter fleach nei it ûngelok yn brân.

De plysje hat op Burgernet minsken freegje om nei it buske út te sjen. It trochriden buske is nei alle gedachten skansearre oan de foarkant. By it ferlienen fan help oan it slachtoffer rûn in omstanner de helpferlieners yn it paad. De man waard doe fuortstjoerd troch in plysjeman. De man waard oanslutend lulk en bedrige in kameraman en in omstanner mei in mes. Mei help fan de kamerabylden wol de plysje besykje om dizze man op te spoaren.

De plysje is noch folop dwaande mei it ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De plysje besjocht ek oft der ek kamerabylden beskikber binne fan it ûngelok of fan plakken dêr't it trochriden wite buske mooglik lâns riden is. It buske kaam fanôf it stasjon en woe op de krusing nei alle gedachten de Oostergowei opride of rjochtsôf nei de Skrâns. De plysje is no op syk nei it wite bestelbuske, nei de man dy't minsken nei in mes bedrige en nei de fytsedief.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)