Aris krijt opnij in dreun

18 jan 2014 - 22:20

De basketballers fan Aris ferlearen sneontejûn mei rom ferskil fan Amsterdam: 68-84. Yn sporthal It Kealledykje koe Aris mar sân man yn it fjild bringe. In protte wikselmooglikheden hie coach Ed Molthoff sadwaande net. It earste kwart gong mei 20-14 nei de thúsploech, dêrnei wie Apollo Amsterdam de boppelizzende partij. Dochs wie it ferskil healwei noch mar trije punten: 34-37. De Amsterdammers makken it ferskil benammen yn it lêste kwart (29-18 winst). Earder yn it seizoen hie Aris twa kear fan Amsterdam wûn.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)