Knappe winst Drachtster Boys

18 jan 2014 - 16:33

Drachtster Boys is de twadde seizoenshelte fan start gong mei in knappe 1-0 thúsoerwinning op SVZW. Op sportpark Drachtster Bosk krigen de gasten út Wierden foar rêst de grutste kânsen, mar fersommen te skoaren.

Yn de twadde helte hie de ploech fan trainer Fred de Boer it fizier wol op skerp. Yn de 53e minút skoarde Aziz Geyik de iepeningstreffer. Yn in spannende slotfaze wisten de Boys de 1-0 oerwinning mei pine en muoite oer de streek te lûken.

Drachtster Boys komt troch de oerwinning op 17 punten út 14 wedstriden en bliuwt middenmotor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)