Nij besikerssintrum Lytje Pôle

Op Skiermûntseach wurdt sa goed as wis yn maart of april in begjin makke mei de bou fan in nij besikerssintrum. Dat seit boargemaster Sjon Stellinga. De gemeenteried moat noch akkoart gean, mar dat sjocht der goed út. It sintrum dat bekend stiet as De Promenade kostet 5 miljoen euro. It sil ûnderdak jaan oan acht ynstansjes wêrunder ferskate ferienings, it doarpshûs en de biblioteek.
It sintrum hie al earder klear wêze moatten. Mar allerhanne beswieren en oare hobbels soargen kear op kear foar útstel.