Miljeu-klups: mear wynenerzjy

18 jan 2014 - 09:04

De provinsje moat yn 2020 soargje dat der goed 500 megawatt wynenerzje levere wurdt. Dêrfoar moatte der wynparken komme, mar de provinsje sit hielendal fêst om dat te realisearjen. Under it motto 'better in nij plan as hieltyd nee sizze' hawwe trije miljeu-organisaasjes yn Fryslân (Stichting Hou Friesland Mooi, Friese Milieu Federatie en Platform Duurzaam Friesland) de krêften bondele om de provinsje te helpen it doel te realisearjen.

Sy sille ynventarisearje wêr't wol draachflak is foar wynmûnen en biede ein dit jier in rapport oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)