Sterk begjin froulju It Fean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
De fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean binne 2014 mei in moaie 5-2 oerwinning begûn tsjin Jong PSV. Op Sportpark De Herdgang yn Eindhoven iepene Yvonne Ploeg de skoare foar de Feansters. PSV naam dêrnei in 2-1 foarsprong. Vivianne Miedema, de topskutter fan Hearrenfean, liet doe har klasse sjen. Mei har twa doelpunten begûn Hearrenfean mei in 3-2 foarsprong oan de twadde helte. In eigen PSV goal brocht de marzje op twa. It slotakkoard wie opnij fan Vivianne Miedema. De Feanfroulju stean op it sechsde plak.