VNG: 'Soarch net nei gemeente'

It bestjoer fan de Feriening fan Nederlânske Gemeenten (VNG) giet net akkoart mei de oerdracht fan soarchtaken fan it Ryk nei gemeenten. Woansdei waard dúdlik dat in mearderheid fan de Nederlânske gemeenten net ferantwurdlik wurde wol foar de soarchtaken, sa't steatssekretaris Van Rijn dat betocht hat.
It bestjoer fan de VNG dielt dy miening. Neffens de VNG wurde boargers de dupe fan de maatregel. Der is te min wissichheid oer gearwurking mei soarchfersekerders, gemeenten rinne grutte finansjele risiko's en de rezjy ûntbrekt by it kabinet.