Bysûndere caravan op Caravana

17 jan 2014 - 16:30

De Caravana hat dit jier in bysûndere primeur. Op de jierlikse kampear- en caravanbeurs wurdt foar it earst yn Nederlân de Caravisio toand, ek wol de caravan fan de takomst neamd.

Caravanprodusint Knaus-Tabbert hat hast twa jier oan de Caravisio wurke. Foar it futuristyske ûntwerp is sjoen nei de boate-yndustry. Foaryn sit in twapersoansbêd en oan de achterkant ûnstiet in feranda troch de klep sakje te litten. Alle technyk yn de caravan is te betsjinjen mei in iPad.

De Caravana yn it WTC Expo yn Ljouwert is fan 23 oant en mei 28 jannewaris en it tema dit jier is 'Totale kampeermix'. It is mei dik 400 eksposanten de grutste kampearbeurs fan Nederlân. Ferline jier kamen der hast 45.000 besikers op ôf.

Trefwurden: 
caravan Caravana
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)