Gewelddiedige dief opspoard

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje hat ôfrûne wykein in 31-jierrige man út Ljouwert oanholden nei oanlieding fan in ynbraak mei geweld yn Gytsjerk yn desimber. De man hat bekend en oanjûn dat hy geweld brûkt hat.
Hy hie ynbrutsen yn de nacht fan 21 op 22 desimber foarich jier yn in wenning oan de Gytsjerksterhoeke. De fertochte sloech de bewenners in oantal kearen mei in stikken bierfleske. Dêrop spuite de bewenster de ynbrekker mei flieguod yn de eagen. De ynbrekker koe troch in wiidweidich spoare-ûndersyk opspoard wurde. De Ljouwerter sit noch fêst.