Oerterpers fêst foar ynbraken

17 jan 2014 - 14:06

Twa manlju fan 21 en 25 jier út Oerterp binne ôfrûne wike oanholden op fertinking fan wenningynbraken yn Oerterp en Drachten. De ynbraken fûnen plak oer in perioade fan in oantal moannen. De manlju hiene it foaral fersjoen op jild en sieraden.

It ûndersyk nei wenningynbraken yn dit gebiet giet troch. Meardere oanhâldings wurden net útsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)