Botsing op A7 by ferkearsrûzje

© Rudy Bouma
Op de A7 by Boarnsweach is woansdeitemiddei in auto oer de kop slein by in ferkearsrûzje. In 29-jierrige Boalserter en in 25-jierrige man út Skarsterbrêge krigen op de dyk spul mei-inoar. Dêrby rekken beide auto's inoar en de auto fan de Boalserter sloech doe oer de kop.
De Boalserter en in 20-jierrige oare ynsittende út Ljouwert rekken ferwûne by de botsing. Tsjin beide bestjoerders is proses-ferbaal opmakke foar ûnfoarsichtich riden.