Auke de Sloper ferstoarn

Auke de Sloper is freed yn syn wenplak Ljouwert stoarn. Auke Visser, sa't er offisjeel hiet, wie in bekende ferskining yn de Fryske haadstêd. Visser hie in hannel yn âld izer. Hy krige lanlike bekendheid troch syn optreden yn it tillevyzjeprogramma Man Bijt Hond, tegearre mei syn broer Jan, dy't in pear jier lyn ferstoar.
Auke de Sloper wie fanatyk oanhinger fan SC Cambuur en krige as oare bynamme "de âldste hooligan fan de stêd". Visser is 95 jier wurden.