Ferwaarloaze pups rêden

17 jan 2014 - 11:07

Fjouwer ferwaarloaze pups út Ljouwert dy't op Marktplaats te keap oanbean waarden, binne troch hûneleafhawwers rêden. Ien fan 'e leafhawwers belle op woansdei earst 144, it tillefoannûmer foar bisten yn need. De bisteplysje oardielde dat de pups achterleinen yn 'e ûntwikkeling. De bisteplysje ferplichte it baaske om nei de bistedokter te gean foar in wjirmekuer en yninting.

As it baaske dat net die, dan soene de pups ynnommen wurde. De hûneleafhawwers woenen dit net ôfwachtsje en binne woansdetejûn sels nei Ljouwert riden.

Ien fan de leafhawwers is Nadia van der Velden út Rotterdam. Neffens har wiene de pups ferwaarloaze. Se seach de hûntsjes fan alve wiken âld op ynternet en frege help op de Facebookpagina Amerikaanse Bulldog Lovers. Mei in oare Rotterdamse en in Dútske hûneleafhawwer hat se de hûntsjes ophelle. De eigeners woenen der 700 euro foar hawwe. Nei in oprop op de Facebookpagina is dit jild binnenhelle.

Neffens de bistedokter hawwe de pups fierstenete min iten hân: se binne seis kilo te licht. It giet om pups dy't in krusing binne tusken in Amerikaanske Steffert en in Bulldog. De pups binne no ûnderbrocht op ferskate plakken yn Brabân, Súd-Hollân en Dútslân.

Trefwurden: 
Ljouwert hûn Marktplaats
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)