Jouster ferwûne nei botsing

© ANP
In 16-jierrige jonge fan De Jouwer is tongersdeitemiddei ferwûne rekke doe't er op syn scooter skept waard troch in auto. De jonge ried oer de Hurddraverswei doe't in 62-jierrige automobilist fan in parkearterrein ôf ried en de dyk opdraaide. Dêrby seach er de scooter oer de holle en kaam yn botsing mei de jonge. Dy rekke ferwûne oan syn earm en is nei it sikehûs brocht.