Ungelok frachtwein Gariperhoek

17 jan 2014 - 07:48

Op it krúspunt fan Gariperhoeke ter hichte fan Sumar is freedtemoarn betiid in frachtwein fan de dyk rekke. De 19-jierrige sjauffeur út Damwâld rekke beknipe en moast troch de brânwacht út de frachtwein helle wurde. De man is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht. Hoe't it mei de man giet is ûnbekend.

By it ûngelok binne ferskate stopljochten en in flitspeal skansearre. De dyk wie koarte tiid ôfsletten foar it ferkear fan en nei Sumar. De plysje docht noch ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok frachtwein Sumar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)