Crea Uniek wint in winkel

16 jan 2014 - 22:27

De aksje 'Win in winkel op De Gordyk' is wûn troch Loekie Flentge fan Crea Uniek. Sy mei in healjier lang fergees gebrûk meitsje fan in winkel yn de haadstrjitte fan De Gordyk. It giet om in aksje fan 'Boost Gorredijk', dat is in groepke ûndernimmers dy't it sintrum fan it doarp oantreklik hâlde wol. De aksje is ek bedoeld om leechstân foar te kommen.

Flentge waard troch in sjuery keazen út trije nominearden. Sy hie it bêste ûndernimmersplan en in winkel yn kreatyf guod is der noch net op De Gordyk

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)