Brûken ruterpaden: betelje

© ANP
Ruters moatte yn de takomst mooglik jild betelje om mei it hynder de natoer yn te gean. Steatsboskbehear sil tegearre mei hynstesportbûn KNHS ûndersyk dwaan nei de mooglikheid fan in saneamde bûtenrydpas. Mei sa'n pas krijt met dan tagong ta de ruterpaden yn de natoergebieten.
Mei it jild dat foar de pas betelle wurde moat, kinne de paden ûnderhâlden wurde. Dy paden kinne op it stuit net ûnderhâlden wurde om't it ryk dêr net langer foar betellet.
Alle leden fan it hynstesportbûn wurde de kommende moannen nei harren miening frêge oer de pas en de resultaten fan dat ûndersyk wurde yn april bekend makke.