Nije fertochte Tsjûkemarmoard

It plak fan de Tsjûkemarmoard © Omrop Fryslân, Froukje van Ommen
It Iepenbier Ministearje is op syk nei in fjirde fertochte foar de moard op de Amsterdammer Omar Kourrich. Dat seit de advokaat dy't ien fan de oare fertochten bystiet. It soe gean om ien dy't earder as tsjûge heard is yn it ûndersyk, mar dus no as fertochte sjoen wurdt. Hy is lykwols net te finen. It lichem fan Kourrich waard yn de simmer fan ferline jier fûn by it Tsjûkemar.