Krisisjier foar VVV dochs goed

16 jan 2014 - 16:29

De VVV-Ljouwert hat it ôfrûne jier bot lêst hân fan de krisis. De omset yn de winkels bliuwt fier achter by de ferwachtings en ek krigen se minder gemeentlike subsydzjes. Troch goed gebrûk te meitsjen fan frijwilligers is it toch goed slagge de saak draaiende te hâlden.

Direkteur René van der Weide sjocht mei in goed gefoel werom op it ôfrûne jier. Oer it gehiel sjoen wiene der mear besikers yn de winkel mei in útsjitter yn de moanne desimber. Yn de dagen fan Serious Request kamen der goed 30% mear minsken as oars.

Trefwurden: 
Ljouwert krisis VVV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)