Ton Groot Haar hâldt dermei op

Ton Groot Haar hâldt der mei op.
Oprjochter Ton Groot Haar hâldt op by komunikaasjeburo Groot Haar + Orth yn Ljouwert. Hy hat it bedriuw 17 jier lyn opsetten tegearre mei Leo Orth, mar is no ta oan nije útdagings.
Liedeke Pol en Paul Klaassen nimme no syn posysje yn de direksje oer. Kommunikaasjeburo Groot Haar + Orth wurket ûnder oare foar de provinsje, de gemeente Ljouwert en de Fryske plysje.