Ferbou Thialf 'miste kâns'

09 feb 2012 - 10:34

As de steaten foar ferbou fan Thialf kieze, driigje se de stipe fan de KNSB te ferliezen. Foarsitter Terpstra fynt it in miste kâns dat net ynset wurdt op nijbou by it Abe Lenstrastadion. As in oare stêd wol kiest foar it bouwen fan in nij technysk heechsteand iisstadion, dan kin de KNSB dêr net omhinne, seit Terpstra. Goedkeap wurdt yn dat gefal djoerkeap, omdat de sport en de technyk net fierder ûntwikkele wurde, fynt Terpstra.

Nijbou by it Abe Lenstrastadion kostet 100 miljoen euro. Ferbou is op syn djoerst 50 miljoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)