Belestingpost yn sleat dumpt

16 jan 2014 - 15:06

In meiwurker fan De Meren Post hat op De Lemmer sa'n 60 belestingbrieven dumpt. Hy is op steande foet ûntslein troch De Meren Post út Snits. In tsjûge dy't de hûn útliet seach de brieven lizzen yn in sleat oan 'e rûnwei op De Lemmer. De tsjûge hat mei in tûke besocht de poststikken út de sleat te fiskjen. It is net dúdlik oft alle post no werom fûn is.

It postbedriuw fan Snits wurket foar Sandd. Dêr is ek melding dien fan de dumping. Sy sille sjen oft alle belestingbrieven noch by de ûntfangers komme kinne. It dumpen fan post is strafber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)