Friezen yn gleonhyt Australië

It suden fan Australië hat te krijen mei in hjittegolf, de temperatueren rinne op oant 45 graden. Der binne al hûnderten lytse boskbrannen melden. De measte brannen wurde feroarsake troch de bliksem, yn kombinaasje mei de hjitte en de hurde wyn. It tennistoarnoai Australian Open hat ek te lijen fan it hite waar, de spilers krije kramp of moatte spuie en der is in ballejonge flaufallen.
Saapke Miedema fan Snits is yn Australië op fakânsje, it hite waar betsjut dat se der net folle op út kinne.