Wynmûnepark yn Iselmar tastien

Duorsume enerzjy
It wynmûnepark yn 'e Iselmar by de Noardeastpolder en Urk mei der komme. Dat hat de Ried fan Steat woansdei útsprutsen. De beswieren fan 'e tsjinstanners binne troch de Ried fan Steat ûnbegrûne ferklearre. It gie dan benammen oer mooglike lûdsoerlêst, trillings en feiligens.
Ek op De Lemmer wiene soargen oer de 86 wynturbines. Al kamen de measte beswieren út de provinsje Flevolân.