Oanpassings feartsjinst

08 feb 2012 - 18:01

Rederij Doeksen past de fartiden fan syn fearboaten oan. Dat dogge se yn ferbân mei iis op de Waadsee yn kombinaasje mei lege wetterstannen. De sneltsjinst is yn elts gefal oant tiisdei 14 febrewaris út de feart naam.

De gewoane fearboat krijt yn guon gefallen oare fertrektiden. Ek moatte minsken der rekken mei hâlde dat de boat der langer oer docht om de rûte ôf te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)