Sleepboaten ynset tsjin iis

Fearboat © ANP
Op Skylge, It Amelân en Skiermûntseach wurde sleepboaten ynskeakele om de havens frij fan iis te hâlden foar de feartsjinsten. Op Skylge hie de fearboat woansdei al muoite om fuort te kommen.
Op Skiermûntseach komt tongersdei in sleepboat fan de Marine te lizzen. De Marine is troch Rykswetterssteat ynskeakele omdat de measte sleepboaten al ferhierd wiene. Boppedat is op Skier in boat nedich mei minimale djipgong.