Auto botst mei ambulânse

© Robertjan Boonstra
By it MCL yn Ljouwert is woansdei in auto yn botsing kaam mei in lytse ambulânse. It ûngelok barde op de krusing tusken de Aldlânsdyk en de Henri Dunantwei. De ambulânse leit op syn kant.
Ien persoan is mei rêch en nekklachten opnaam yn it sikehûs. In oare persoan rekke beknipe en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Der waard op it momint fan it ûngelok gjin pasjint ferfierd mei de ambulânse.