Anty-depressiva oarsaak moard

08 feb 2012 - 15:47

De fertochte fan de moard op Murkje de Vries fan Koatstertille wie nea ta syn died kaam as er net ûnder ynfloed wie fan anty-depresiva. Dat is de konklúzje fan it ûndersyk dat dien is yn de Pompekliniek yn Nijmegen. Dêr is de fertochte seis wiken lang ûndersocht. Neffens advokaat Alie Westerhuis fan de fertochte soe har kliïnt no fuortdalik frijlitten wurde moatte.

Woansdei wie der in pro forma sitting yn it heger berop fan de fertochte. Hy is earder troch de rjochtbank feroardiele ta 24 jier sel.

It gerjochthôf is foarearst net akkoart gien mei de frijlitting. Op 20 maart komt de saak opnij foar de rjochter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)