Sjinkie Knegt wol ek op de 500

16 jan 2014 - 10:19

Shorttracker Sjinkie Knegt wol by de Olympyske Spelen yn Sotsji ek starte op de 500 meter. Hy hat noch gjin kwalifikaasje foar dizze ôfstân, mar kin dy it kommend wykein by it EK yn Dresden noch fertsjinje. Hy moat dan by de earste acht einigje.

Allinnich Knegt krijt dizze kâns, omdat hy fanwege in knibbeloperaasje noch gjin gelegenheid hân hat him op de 500 meter te bewizen. Op it NK waard Sjinkie Knegt twadde op de 500 meter. Ein jannewaris wurdt definityf hokker riders op welke ôfstân starte.

Knegt komt yn alle gefallen út op de 1000 en de 1500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)