Flyers ferlieze bekerfinale

15 jan 2014 - 21:53

De iishockeyers fan de UNIS Flyers binne der woansdeitejûn net yn slagge om de nasjonale beker te pakken. Yn Eindhoven ferlear de ploech fan Chris Eimers de bekerfinale mei 2-1 fan Tilburg Trappers. De Feansters begongen goed oan de wedstriid, mar it wie Tilburg dat optimaal profitearre fan twa powerplay situaasjes en sa yn de earste perioade op in 2-0 foarsprong kaam.

Pas yn de tredde perioade wist Tony Demelinne de spanning werom te bringen mei de oanslutingstreffer. Fierder kamen de Flyers lykwols net, wêrtroch Tilburg de beker pakte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)