Zandstra hopet op winterwaar

15 jan 2014 - 20:45

Redensfabryk Zandstra op De Jouwer hat der alle fertrouwen yn dat der dit jier noch iis komt. Se meitsje har dan ek gjin soargen oer de achterbliuwende ferkeap oant no ta. De ôfrûne 5 jier wie it yn desimber en jannewaris drok by it fabryk, mar troch it útbliuwen fan it winterwaar is it dit jier rêstich.

De foarried redens nimt lykwols noch altyd ta, want Zandstra hâldt der rekken mei dat it waar noch omslaan kin. Mocht dat net it gefal wêze, dan is dat neffens it bedriuw ek net slim, omdat de foarried dan takom jier ferkocht wurde kin.

Boppedat wurde der noch altyd wol redens ferkocht oan minsken dy't op it keunstiis harren rûntsjes meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)