Priis foar Het Graauwe Paard

Kafee Het Graauwe Paard © Google Maps
Kafee Het Graauwe Paard fan Aldebiltsyl is winner wurden fan de Biltske Undernimmerspriis 2013. Neffens de sjuery stiet it bedriuw midden yn de mienskip, trochdat it tal fan aktiviteiten organisearret en dêrby de gearwurking oangiet mei ûndernimmers út de buert.
De oanmoedigingspriis gong nei pankoekrestaurant De Struverij, dat yn de Menistetsjerke yn Sint Anne festige is.