Pompe wetter feiliger as spuie

15 jan 2014 - 16:18

Yn de Ofslútdyk soenen pompen komme moatte, om Fryslân droech te hâlden. It pompen fan oerstallich wetter út de Iselmar is goedkeaper en feiliger as spuie. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Centraal Planbureau. It ûndersyk is yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastrukeur en Milieu útfierd, as tarieding op it meitsjen fan nije wetterfeilichheidsnoarmen. Troch te pompen is der mear kontrôle op it wetterpeil en hoege de diken minder ophege te wurden. De resultaten wurde brûkt foar in wetsfoarstel dat yn 2015 nei de Twadde Keamer giet.

Trefwurden: 
Iselmar wetter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)