E'wâlde: portretten fan kening

15 jan 2014 - 15:15

Eaststellingwerf krijt yn de riedseal in unyk portret fan kening Willem-Alexander. De gemeente hat derfoar in wedstriid organisearre en alve keunstners dogge mei. De útstalling fan har wurk is woansdei iepene yn in âld bedriuwsgebou yn Easterwâlde. Publyk kin stimme, der is in publykspriis en in sjuery kiest de winner. Dy wurdt op 21 febrewaris bekend makke. De wurken binne oant en mei 15 febrewaris te sjen, op alle woansdeis en sneons fan 14 oant 17 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)