Ferkear te hurd by Sigerswâld

15 jan 2014 - 12:07

By in kontrôle op de Bremerwei yn Sigerswâld hat de plysje woansdeitemoarn seis automobilisten op 'e bon slingere. De kontrôle is hâlden op fersyk fan omwenners. Dy fine dat ferkear op de dyk faak te hurd rydt, benammen kuierders en fytsers fiele har dêrtroch ûnfeilich. Op de dyk mei 60 kilometer yn de oere riden wurde, de grutste oertrêder hie 112 kilometer op de teller te stean. De plysje seit faker op rappe riders te kontrolearjen by Sigerswâld.

Trefwurden: 
plysje Sigerswâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)