Eimers optimistysk oer finale

De iishockeyers fan de UNIS Flyers fan It Hearrenfean stride woansdeitejûn yn Eindhoven om de beker tsjin de Destil Trappers Tilburg. Yn 2002 wûn de ploech foar it lêst de beker. Beide ploegen binne behoarlik oan inoar weage. It ôfrûne seizoen spilen de klups fjouwer kear tsjin inoar. Elk team wûn twa kear.
Trainer Chris Eimers wûn yn 1998 de beker mei de Flyers. Doe wiene de Feansters de 'underdog'. Neffens Eimers is dat no wer it gefal. Omdat se de finale spylje op Brabânske grûn ferwachtet hy in soad fans fan de Trappers op de tribune.
De Flyers-trainer is lykwols optimistysk: de beker giet mei werom nei It Hearrenfean. De finale is woansdeitejûn live te folgjen fia in stream op www.omropfryslan.nl.