Rydbewizen hurdriders ynnaam

08 feb 2012 - 11:32
Plysjemotor - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tiisdeitejûn de rydbewizen fan twa bestjoerders ynnaam om't se te hurd oer de Skredyk rieden. In 43-jierrige Ljouwerter ried 118 kilometer, wer't 60 it maksimum is.

In 46-jierrige bestjoerder út Wommels hie 126 kilometer op de teller.

Trefwurden: 
rydbewizen
(advertinsje)
(advertinsje)