Fytser oanriden troch auto
In 63-jierrige fytser út Ljouwert is tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de Slauerhoffwei. De man krige gjin foarrang fan in 43-jierrige automobilist út Menaam, dy't fan in bedriuweterrein sa de dyk op ried.
It slachtoffer is mei de ambulâns nei it sikehûs brocht.