Siik melde by trochgean tocht

Ien op de acht jongeren seit dat er him siik meldt op skoalle of op it wurk as der in Alvestêdetocht komt en se net frij krije. Dat docht bliken út ûndersyk fan it 1Vandaag Jongerenpanel, ûnder tûzen jongeren tusken de 12 en 24 jier.
Ien op de fiif is fan plan om nei Fryslân te gean as de Alvestêdetocht trochgiet. 45 persint tinkt dat de tocht der ek echt komt.