Jild foar jeugd sc Hearrenfean

08 feb 2012 - 10:23

De jeugdoplieding fan Sportklup Hearrenfean hat hast 85.000 euro krigen fan de Vriendenloterij. It jild is byelkoar helle trochdat in soad supporters fan de klup mei de lotterij meidien ha. Ek oare fuotbalklups ha meidien. Mei-inoar is sa goed twa miljoen euro sammele foar de jeugdopliedingen fan earedivyzjeklups.

Mei it jild dat Hearrenfean krijt, kinne de akkommodaasjes ferbettere wurde en kinne de jeugdspilers better begelaat wurde by har skoalle en stúdzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)