Miljeustrjitten bliuwe iepen

08 feb 2012 - 09:51

De miljeustrjitten fan Koudum en Heech wurde foarearst noch net sluten. Dat die tiisdei bliken op de kommisjebyienkomst fan de gemeente Súdwest-Fryslân. In pear wike lyn waard dúdlik dat de strjitten yn beide doarpen net feilich binne en de gemeente stelde dêrom foar om de strjitten te sluten. Tsientallen ynwenners fan de doarpen binne it dêr net mei iens en kamen dêrom nei it gemeentehûs yn Drylts om dat dúdlik te meitsjen.

De gemeenteried hat besletten dat no earst tydlike maatregels naam wurde om de strjitten dochs iepen te hâlden.

Yn it neijier moat mear dúdlikheid komme oer de takomst fan de miljeustrjitten.

Trefwurden: 
Heech Koudum miljeustrjitte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)