Ek alternative Alvemarrerûte

© Omrop Fryslân/Jan Dirk de Haan
De Alvemarretocht siket ek in alternative rûte. Omdat de Hegemermar te min is, wurdt besocht in rûte yn oarder te meitsjen troch Heech hinne en oer de Puollen achter it doarp. Fia Aldegea en De Gaastmar komt de tocht dan wol wer op de Hegemermar út, mar wurdt it minste part fan de mar mijd. As der in Alvestêdetocht komt, sil dy nei alle gedachten just al oer de Hegemermar en de Fluezen gean as alternatyf foar de Luts by Balk.
Meastentiids wurdt de Alvemarretocht foar de Alvestêdetocht ferriden, mar dit jier leit krekt it part fan de rûte dy't beide tochten brûke, der it minst by.