Nij maratonteam net op NK

07 feb 2012 - 20:41

De nije ploech fan Erben Wennemars, Mark Tuitert, Jochem Uytdehaage en Arjan Smit mei woansdei net oan it NK maraton op natoeriis meidwaan. Dat hat de KNSB besletten.

De langebaanriders hawwe in ploech oprjochte mei as doel oan de Alvestêdetocht diel te nimmen. KPN sil de ploech stypje. Sponsors en maratonriders reagearden poer: sy fine dat de nijkommers de oandacht opeaskje dêr't sy jierren foar wurke ha. Oan oare natoeriisklassikers mei de KPN-ploech wol meidwaan. Allinne Wennemars kin starte yn in Alvestêdetocht.

De âld-wrâldkampioen sprint docht geregeld mei oan de maratons yn de earste divyzje. Dêr hat er safolle punten helle dat er meidwaan kin oan de 200 kilometer troch Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)