Minder boaten Skier en Amelân

Troch swiere iisgong op de Waadsee farre der woansdei noch mar trije boaten hin en wer tusken It Amelân en Skiermûntseach. Fan freed ôf binne der noch mar twa ôffearten. Rederij Wagenborg kin allinne noch by heechwetter farre, by leechwetter kin it iis net fuort foar de boech fan de boat. Inkele Dútske Waadeilannen binne net mear oer wetter berikber, mar binne hielendal oanwiisd op ferfier troch de loft. Neffens direkteur Ger van Langen kin de fearboat pas hielendal net mear farre as it noch fjirtjin dagen trochfriest.
By de beide oanlisplakken op de eilannen hat de rederij help ynroppen om it iis by de stegers wei te hâlden. Op Skier sil de eardere rêdingboat Gebroeders Luden yn de haven it iis oan de kant triuwe, op It Amelân wurdt de Aquanaut ynset.